In bordeel, huorrehûs of huorrekast, is in gebou of bedriuw dêr't klanten komme om seksuële omgong te hawwen mei in prostituee. Ornaris wurkje der ferskate prostituees yn ien bordeel. Faak wurdt it bordeel rund troch in poaier of troch in madam dy't sels net (mear) as prostituee aktyf is, mar yn ruil foar betelling fasiliteiten beskikber steld foar de aktive prostituees. Dy binne faak ree om foar sokke fasiliteiten te beteljen om't wurkjen yn in bordeel in stik feiliger is as strjitteprostitúsje. Foar bordelen wurde faak eufemismen of skûlnammen brûkt, lykas massaazjesalon, skientmesalon, sauna, bar, stripklub of callgirlservice. Yn in protte lannen is prostitúsje, en dêrmei dus ek it runnen fan in bordeel, by wet ferbean. Yn lannen dêr't it bestean fan bordelen legaal is, of dêr't it yllegaal is mar dulde wurdt, meie bordelen yn 'e regel inkeld bestean yn saneamde rôze buerten fan gruttere plakken.