In breinflecht (braindrain) (it fuortrinnen fan de harsens) of kennisflecht is it ferskynsel dat goed oplate persoanen nei harren oplieding út in lân weigean om op in oar plak wurk te sykjen. Dat kin út reden fan emigraasje wêze, mar it kin ek gean om in oare foarm fan lange tiid fuort wêze. De bettere ûnderwiis- of ûndersyksfoarsjennings fan- of de bettere fertsjinst yn in oar lân kin de reden wêze. Ek sosjale aspekten sa as feilichheid, stabiliteit spylje in rol, fral by migraasje út ûntwikkelingslannen. It ferskynsel docht him yn de hiele wrâld foar.
In ûndersyk fan ein 2005 liet nochris sjen dat ek yn ien-en-itselde lân breinflecht foar komme kin. It die bliken dat der yn Flaanderen in kennisflecht fan Limburch en West-Flaanderen nei oare provinsjes bestiet. Itselde bart yn Nederlân; de Rânestêd, dêr't it kulturele- en ekonomysk swiertepunt leit, lûkt yntellekt fan it plattelân.
In oar foarbyld binne de tûzenen faak heechoplate Surinamers dy't foaral tusken 1975 en 1980 nei Nederlân ferfarden om dêr te arbeidzjen en te studearjen.
Tsjintwurdich besykje oerheden mei spesjale programma's om ôfstudearden oan te lûken en fêst te hâlden, sa as it staazjeprogramma fan de Nederlânske oerheid. De Europeeske Uny hat ek ferlies fan heechoplate minsken fêststeld en yntrodusearre doe it 'blauwe kaart'-programma – fergelykber mei de Amerikaanske 'griene kaart'- en besiket dêrmei "in ekstra 20 miljoen wurklju út Aazje, Afrika en Latynsk-Amerika yn de kommende twa desennia" oan te lûken.[1]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |