Bretanje (regio)

Bretanje
flagge wapen
polityk
soarte gebiet bestjoerlike regio
lân Frankryk
haadplak Rennes
grutste plak Rennes
sifers
ynwennertal 3.433.155 (2020)
oerflak 27.208 km²
befolkingstichtens 126,2 / km²
oar
stifting 1956
tiidsône UTC +1
simmertiid UTC +2
koördinaten 48°00′ N 3°00′ W
webside www.bretagne.bzh
Net te betiizjen mei it skiereilân Bretanje.

Bretanje (Bretonsk: Breizh, útspr.: [bʀɛjs], likernôch: "bcheis"; Gallo: Bertaèyn of Bertègn, útspr. [bəʁˈtaɛɲ], likernôch: "buch-tainj"; Frânsk: Bretagne, útspr.: [bʁəˈtaɲ], likernôch: "bchuh-tanj") is in bestjoerlike regio dy't yn it uterste westen fan Frankryk leit. De haadstêd is Rennes. De regio beslacht it grutste part fan it skiereilân en de histoaryske provinsje Bretanje, dêr't er net mei betize wurde moat. De regio, dy't yn 1956 oprjochte waard, bestiet út fjouwer Frânske departeminten: Côtes-d'Armor, Finistère, Ille-et-Vilaine en Morbihan. Bretanje stiet fral bekend om syn Keltyske kultuer en megalityske monuminten.


From Wikipedia, the free encyclopedia · View on Wikipedia

Developed by razib.in