Bretonsk | ||
algemien | ||
eigen namme | Brezhoneg | |
lânseigen yn | Frankryk | |
tal sprekkers | 226.000 (2007) | |
skrift | Latynsk alfabet | |
taalbesibskip | ||
taalfamylje | ● Yndo-Jeropeesk ● Keltysk ● Eilânkeltysk ● Brytoanysk ● Súdwestbrytoanysk ● Bretonsk | |
dialekten | Fanneteesk, Kernevysk, Leönaarsk, Tregorreesk | |
taalstatus | ||
offisjele status | gjint | |
erkenning as minderheidstaal |
Frankryk (net nasjonaal) ● Bretanje (regio) | |
taalkoades | ||
ISO 639-1 | br | |
ISO 639-2 | bre | |
ISO 639-3 | bre |
It Bretonsk of Bretûnsk (Bretonsk: Brezhoneg) is in Keltyske taal dy't fan âlds sprutsen wurdt op it skiereilân Bretanje, dat oan 'e westlike kust fan Frankryk útstiket yn 'e Atlantyske Oseaan. Hoewol't it taalgebiet him op it fêstelân fan Jeropa befynt, is it gjin fuortsetting fan it Lânkeltyske Gallysk út 'e Romeinske Tiid, sa't faak tocht wurdt, mar in Eilânkeltyske taal dy't yn 'e Iere Midsiuwen troch flechtlingen foar de Angelsaksyske ynvaazje fan Grut-Brittanje fêstige is yn wat doe Armoarika wie. It Bretonsk is in Brytoanyske taal, dy't it naust besibbe is oan it Kornysk fan Cornwall. It is ien fan 'e beide lânseigen talen fan Bretanje en it Bretonske folk; de oare is it Gallo, dat in Romaanske taal is dy't nau oan it Frânsk besibbe is. It Bretonsk hat as iennichste fan 'e seis noch libbene Keltyske talen gjin formele nasjonale erkenning as minderheidstaal. It tal sprekkers is tebekrûn fan 1 miljoen yn 1950 ta 226.000 yn 2007. De taal wurdt no beskôge as slim yn syn fuortbestean bedrige.