Broek (De Marne)

Broek (Grinslannersk: Brouk) is in buorskip yn de gemeente It Hegelân (oant 2019 gemeente De Marne) yn Grinslân. Broek leit oan de wei fan Eenrum nei Kloosterburen. Fanút Broek rint ek in wei nei Piterbuorren. It doarp hat sa'n 60 ynwenners.

Broek is de nammejouwer fan it kanaal it Broekstermaar, dêr't de brêge (of tille), de Broekstertille, oerhinne leit. Op âlde kaarten komt de namme út en troch ek foar as Lutjebroek (lutje = lyts).

De plaknamme Broek wiist op sompich lân.


From Wikipedia, the free encyclopedia · View on Wikipedia

Developed by Tubidy