Brytoanyske talen

Brytoanyske talen
algemien
oare namme(n) Brittannyske talen
lokaasje Grut-Brittanje (eilân) en
   Bretanje
tal talen 4 (of 5) (ynkl. deade talen)
tal sprekkers ±950.000 (2007-2015)
taalbesibskip
taalfamylje Yndo-Jeropeesk
  ● Keltysk
    ● Eilânkeltysk
      ● Brytoanysk
subgroepen Westbrytoanyske talen
Súdwestbrytoanyske talen

De Brytoanyske talen, ek wol de Brittannyske talen neamd, foarmje ien fan 'e beide noch libbene taalgroepen fan 'e Keltyske taalfamylje. Dizze talen geane werom op in mienskiplike oertaal, it Proto-Brytoanysk, dat fan 'e Izertiid oant de ein fan 'e Romeinske Tiid op it eilân Grut-Brittanje besuden de Firth fan Forth sprutsen waard. Noardlik dêrfan waard it Piktysk sprutsen, dat wierskynlik besibbe, en mooglik sels ien fan 'e Brytoanyske talen wie. Ut it Proto-Brytoanysk ûntjoegen har tsjin 'e Iere Midsiuwen it Welsk en it letter útstoarne Kumbrysk (de Westbrytoanyske talen) en ek it Kornysk en it Bretonsk (de Súdwestbrytoanyske talen). Hjoed oan 'e dei wurde de Brytoanyske talen noch as memmetaal sprutsen troch sa'n 950.000 minsken.


From Wikipedia, the free encyclopedia · View on Wikipedia

Developed by razib.in