It Bulgaarsk (български език, bălgarski esik) is in taal dy't troch likernôch 12 miljoen minsken praat wurdt, benammen yn Bulgarije. It Bulgaarsk is in Yndo-Europeeske taal en heart by de súdlike Slavyske taalgroep. De taal is nau besibbe oan it Masedoanysk, dêr't guon fan sizze dat it in Bulgaarsk dialekt is. Fan 'e Servo-Kroätyske taalfarianten stiet fral it Servysk ticht by it Bulgaarsk.