Chanson de geste

It chanson de geste wie in yn de midsiuwske literatuer populêr epysk sjenre dêr’t histoaryske persoanen in haadrol yn spilen. Hoewol’t it sjenre oarspronklik yn Frankryk ûntstien is en dêr ta grutte bloei kommen is, fine wy út hiele Jeropa teksten fan dit type werom. It chanson de geste falt ûnder de ridderroman. De histoaryske figueren en ferhaallinen meitsje hieltyd diel út fan de matière de France: de ferhaalstof om de Frankyske kening Karel de Grutte hinne.


From Wikipedia, the free encyclopedia · View on Wikipedia

Developed by Tubidy