Charles III fan it Feriene Keninkryk

Charles III
aadlik persoan en/of hearsker
Charles III
Charles III
echte namme Charles Philip Arthur George
nasjonaliteit Britsk
bertedatum 14 novimber 1948
berteplak Buckingham Palace
dynasty Windsor
Kening fan it Feriene Keninkryk
amtsperioade 2022-
foargonger Elizabeth II
Prins fan Wales
amtsperioade 1958-2022
foargonger Edward
opfolger William

Charles Philip Arthur George fan it Feriene Keninkryk (Buckingham Palace, 14 novimber 1948) is sûnt 2022 kening fan it Feriene Keninkryk en steatshaad fan de lannen yn it Britske Mienebest. Fan de Windsor-dynasty is hy de fiifde monarch.

Kening Charles is de aldste soan fan prins Philip, hartoch fan Edinburgh en de Britske keninginne Elizabeth II en folge har nei har ferstjerren op 8 septimber 2022 op. Syn offisjele titel foar syn keningskip wie SKH de Prins fan Wales, as yn Skotlân SKH de Prins Charles, hartoch fan Rothesay. Doe't er syn mem opfolge, waard er konstitúsjoneel kening fan it Feriene Keninkryk, Kanada, Austraalje, Nij-Seelân, Jamaika, Barbados, de Bahama's, Grenada, Papoea Nij-Guineä, de Salomonseilannen, Tûvalû, Sint-Lusia, Sint-Finsint en de Grenadinen, Antigua en Barbûda, Belize en Sint-Kits en Nevis. Sûnt jannewaris 2007 wie Charles de langst op de troansbestiging wachtsjende troanopvolger út de Britske skiednis, en sûnt septimber 2013 de âldste Britske troanopvolger ea. Om't syn mem yn 2016 noch op de troan siet, is Charles Gustaaf VI foarby gean as âldste kroanprins yn 'e wrâld ea.


From Wikipedia, the free encyclopedia · View on Wikipedia

Developed by Tubidy