Chesapeakebaai

Streamgebiet Chesapeakebaai
Chesapeakebaai - satellytfoto

De Chesapeakebaai (Ingelsk: Cheasapeake Bay) yn it easten fan de Feriene Steaten is in riviermûning en baai oan de Atlantyske Oseaan dêr't goed 150 rivieren en streamkes yn útkomme. It totale streamgebiet fan dy rivieren is 165.800 km2 en omfiemet it distrikt Kolumbia en parten fan seis steaten: New York, Pennsylvania, Delaware, Marylân, Firginia en West Firginia.

Fan de Susquehanna yn it noarden oant de Atlantyske Oseaan yn it suden is de baai sa'n 332 km lang. Op it smelste punt by Annapolis, Maryland, is de baai mar 6,5 km breed; op it breedste plak, by de mûning fan de Potomac is er 50 km breed. De totale kustline is 18.804 km lang en it oerflak fan de baai is 11.400 km2.

Op it meast smelle punt leit de Chesapeakebaaibrêge. Under de mûning fan de baai rint de Chesapeakebaaibrêgetunnel oer in lingte fan 37 km.


From Wikipedia, the free encyclopedia · View on Wikipedia

Developed by Tubidy