Deenske Folkstsjerke

Tsjerkegebou fan de Deenske Folkstsjerke yn Holte

De Deenske Folkstsjerke (Folkekirken) is sûnt de reformaasje de lutherske steatstsjerke yn Denemark. Oan it haad fan de tsjerke stiet de Deenske foarst of foarstinne.

Ek hjoeddedei foarmet de Deenske Folkstsjerke de grutste religieuze mienskip fan Denemark en Grienlân. Op 1 jannewaris 2006 wie likernôch 83% fan it Deenske folk lid fan de tsjerke. Ek de Folkstsjerke fan de Fêreu-eilannen hearde by de Deenske Folkstsjerke, mar waard yn 2007 selsstannich.

It tal leden fan de Deenske Folkstsjerke sakket stadichoan. Yn 2012 wie it tal minsken dat ôfskie naam fan de tsjerke 21.000. Dit hege tal hie te meitsjen mei de diskusje oer it homohoulik yn de tsjerke. Yn 2014 bedroech it tal minsken dat de tsjerke ferliet wer 9.500, itselde nivo as 2008.

Op 1 jannewaris 2015 wie 77% fan it Deenske folk lid fan de Deenske Folkstsjerke.


From Wikipedia, the free encyclopedia · View on Wikipedia

Developed by Tubidy