Djakarta | ||
Bestjoer | ||
Lân | Yndoneezje | |
provinsje | Djakarta | |
eilân | Java | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 9.580.000(2010) | |
Oerflak | metropoal 740.28 km² | |
Befolkingsticht. | 14464,08 km² | |
Stêdekloft | 26.600.000 ynwenners | |
Hichte | 7 m | |
Oar | ||
Stifting | 397 | |
Koördinaten | ||
Offisjele webside | ||
Djakarta (toeristysk webstee) |
Djakarta (offisjele Yndonezyske stavering sûnt 1972: Jakarta) is haadstêd en sit fan de regearing fan de Republyk Yndoneezje. It wie foarhinne ek bekend as Sunda Kelapa (397–1527), Djajakarta (1527–1619) en Batavia (1619–1942). Fan 1942 oant 1972 wie 'Djakarta' de offisjele stavering, mar yn 1972 waard in nije ienheidsstavering mei it Maleisk ynfierd, en as ûnderdiel dêrfan waard de klank 'dj' tenei op 'e Ingelske wize stavere as 'j'. Djakarta leit oan de noardwestkust fan it eilân Java.
Yn april 2019 makke presidint Joko Widodo bekend dat it lân in oare haadstêd krijt. Unbekend is hokker stêd dat wurde sil, mar dúdlik is wol dat de nije haadstêd net op it eilân Java lizze sil.[1]