Doelsport

In doelsport is in sport dêr't by besocht wurdt de bal, of wat oars, yn it doel fan de tsjinstanner te spyljen. Karakteristyk foar doelsporten is dat in spiler de bal by him hâlde kin wylst er sjocht hoe it doel fan de tsjinstander berikke wurde kin. Hast alle doelsporten binne symmetrisk, sadat it spul drekt de oare kant út rinne kin as in partoer de bal oernimt.

De doelsporten kinne, nei de wize fan it spyljen fan de bal, fierder yndield wurde yn fuotsporten, hânsporten en sticksporten.


From Wikipedia, the free encyclopedia · View on Wikipedia

Developed by Tubidy