Dokkumersk

Dokkumersk
algemien
eigen namme Dòkkumers
lânseigen yn Nederlân
tal sprekkers ±2.000 (2009, skatting)
skrift Latynsk alfabet
taalbesibskip
taalfamylje Yndo-Jeropeesk
  ● Germaansk
    ● Westgermaansk
      ● Súdwestgermaansk
        ● Nederfr.-Nedersaks.
          ● Nederfrankysk
            ● Nederlânsk
              ● Hollânsk
                ● Hollânsk-Frysk
                  ● Stedsk
                    ● Dokkumersk
dialekten gjint
taalstatus
offisjele status gjint
erkenning as
minderheidstaal
Nederlân:
  ● Fryslân (as streektaal)

It Dokkumersk (Dokkumersk: Dòkkumers) is in dialekt fan it Stedsk dat fan âlds sprutsen wurdt yn 'e stêd Dokkum, it haadplak fan 'e gemeente Noardeast-Fryslân. Dizze taalfoarm ûntstie yn 'e rin fan 'e sechstjinde en santjinde iuw, en is in Hollânsk dialekt mei sterke Fryske ynfloeden. It hat in protte wei fan 'e Stedske dialekten dy't yn oare Fryske stêden sprutsen wurde. Der binne soargen oer it fuortbestean fan it Dokkumersk, no't de measte stedsjers tsjintwurdich de bern Frysktalich of Nederlânsktalich grutbringe.


From Wikipedia, the free encyclopedia · View on Wikipedia

Developed by Tubidy