In domeinnamme is de namme dêr't in domein op it ynternet mei oantsjut wurdt. It ynternet is formeel in netwurk fan netwurken. De kompjûters fan elts netwurk, elts domein, wurde dêrby nûmere mei IP-nûmers. Om't soksoarte fan nûmers, bygelyks 123.15.78.984, foar minsken net maklik te ûnthâlden binne, is der in domeinnammesysteem opset, dat it mûglik makket alle domeinen nammen te jaan, de domeinnammen.
Binnen in domein kinne alle losse kompjûters ek wer in namme krije. Soks binne de nammen dy't minsken brûken foar addressen op it ynternet, lykas http://www.fryskebeweging.nl/. Ynformeel wurde ek dy wol oantsjut as domeinnammen. Dat is fral sa om't de strikte keppeling tusken komjûters en nammen loslitten is, dêrtroch kin in kompjûter, of sels in stikmannich triemmen op in kompjûter mear as ien namme hawwe. Sa kinne de romten dy't brûkers hiere of besjogge by in webkedizer ferskate nammen hawwe, mar dat seit neat mear oer de kompjûters dy't der wier foar brûkt wurde.
In domeinnamme kin yn Nederlân bestean út de letters a-z, sifers 0-9 en it ûnderstreekje _. Dat betsjut dat in protte Fryske nammen net akseptearre wurde as ynternetnammen. Soks kin wol oanpast wurde, mar it Ministearje fan Ferkear en Wettersteat en de Stifting Ynternet Domeinregistraasje Nederlân litte it elts oan de oar oer dêryn it inisjatyf te nimmen.
In goed keazen domeinnamme kin der foar soargje dat in webstee heger terjochte komt yn de resultaten fan sykmasines lykas Google.