Doodstil

Lizzing Doodstil yn Iemsmûn
Komboerd

Doodstil is in buorskip mei 70 ynwenners (2008) – en de namme fan de brêge (tille) oer it Bûterdjip – yn de gemeente It Hegelân yn de provinsje Grinslân yn Nederlân. Doodstil leit sa'n 3 km besuden Uthuzen en 20 kilometer noardlik fan Grins.

De namme komt wierskynlik fan de manljusnamme Doode of Doede. De namme Doede wurdt noch hieltyd brûkt yn Fryslân en Grinslân; efternammen as Dooijes, Doma en Doema binne der fan ôflaat. Dat de namme 'Doodstil' betsjut: de tille fan Doode.

In oerlevering wol hawwe dat de oarsprong fan de namme oars is. Eartiids soe der op dit plak gjin brêge lein hawwe, mar in pontsje. Op in stuit moast der in deakiste oerset wurde. Midden op it Bûterdjip makke it boatsje in ûnferwachte beweging en rekke de kist yn it wetter en wie ferdwûn. Om dat tenei foar te kommen is der doe "in brêge foar de deaden" oanlein.


From Wikipedia, the free encyclopedia · View on Wikipedia

Developed by Tubidy