Drug

Kaffeïne, in bestândiel fan kofje, is de meast brûkte drug fan 'e wrâld.

In drug (almeast brûkt yn 'e meartalsfoarm drugs) is in substânsje dy't by ynhalearjen, ynjektearjen, smoken, iten, drinken, opname troch de hûd fia in pleister of oplossing ûnder de tonge in tydlike fysiologyske en faak ek psychologyske feroaring yn it minsklik lichem tewei bringt. It byhearrende tiidwurd is jin drogearje. De term 'drug' komt fan it Midnederlânske droge, dêr't ek "drogist" op weromgiet. It Frânsk ûntliende dêr it wurd drogue oan, dat yn it Ingelsk bedarre as drug en dêrwei wer weromliend waard troch it Nederlânsk en it Frysk. 'Drugs' is in sammelnamme foar genêsmiddels en genotsmiddels mei in ferdôvjende, stimulearjende of hallusinogene wurking op it bewustwêzen, wêrfan't ynname gauris liede kin ta in ferslaving. As men dan ophâldt mei ynname (oftewol ôfkickt) kriget men tige ûnoangename ûntwenningsferskynsels.


From Wikipedia, the free encyclopedia · View on Wikipedia

Developed by razib.in