Drylts | ||
Oertunen oan de Ie yn Drylts | ||
Emblemen | ||
Bestjoer | ||
Lân | Nederlân | |
provinsje | Fryslân | |
gemeente | Súdwest-Fryslân | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 3.015 (2021)[1] | |
Oar | ||
Postkoade | 8651 | |
Tiidsône | UTC +1 | |
Simmertiid | UTC +2 | |
Koördinaten | 53° 1' NB, 5° 38' EL | |
Drylts | ||
Kaart fan Drylts | ||
Offisjele webside | ||
Webstee fan Drylts | ||
Kaart | ||
Kaart | ||
Stedsgebiet fan Drylts yn de eardere gemeente Wymbritseradiel |
Drylts (Nederlânsk en offisjeel: IJlst) is in stêd yn de gemeente Súdwest-Fryslân, mei 3.295 ynwenners (2006), en leit yn it súdwesten fan Fryslân, sa'n 5 km fan Snits, dêr't it oer it wetter fia de Geau mei keppele is. Drylts hat in stasjon oan it spoar Ljouwert-Starum. Oant 1984 wie Drylts in selsstannige gemeente, en fan 1984 oant 2011 wie Drylts it haadplak fan de gemeente Wymbritseradiel.