Du gamla, du fria

Du gamla, du fria (ynstrumintaal)
Richard Dybeck

Du gamla, du fria ("Jo âlde, jo frije") is it folksliet fan Sweden. De earste twa kûpletten waarden yn 1844 troch Richard Dybeck skreaun op de melody fan in âld folksferske út de regio Västmanland. Yn 1910 heakke Louise Ahlén dêr nochris twa kûpletten oan ta, alhoewol't men oer it algemien allinnich de earste twa sjongt.

Yn tsjinstelling ta in protte oare folkslieten is it muzykstik nea offisjeel, by polityk beslút, as folksliet oannommen; it steat fan folksliet hat it allinnich by wize fan tradysje.[1] Dochs wurdt it liet by sporteveneminten en offisjele gelegenheden lykas steatsbesiten brûkt.

De feitlike namme fan it liet is Sång till Norden ("Liet foar it Noarden"), mar yn de deistige omgong wurde de earste pear wurden fan it folksliet as titel beskôge.

  1. Nationalsången - Historik. Sveriges Kungahus. Rieplachte op 1 maart 2018.

From Wikipedia, the free encyclopedia · View on Wikipedia

Developed by Tubidy