Earste Oarder (Star Wars)

Earste Oarder
ûnderdiel fan Star Wars
flagge wapen
lokaasje en geografy
lokaasje "yn in Stjerrestelsel
   fier, fier fuort"
soarte separatistyske rompsteat
polityk
steatsfoarm autokrasy
steatshaad opperste lieder
offisjele taal Basaalsk (Basic)
muntienheid Galaktyske kredyt
oprjochting 21 f.Sl.Y.
opheffing 35 n.Sl.Y.
fuortkommen út Galaktysk Keizerryk
opgien yn Galaktyske Republyk
sifers
ynwennertal tsientallen biljoenen
diameter 120.000 ljochtjier[1]
tal stjerren ±400 miljard[1]
tal bewenne
   planetestelsels
>3,2 miljard[1]

De Earste Oarder (Ingelsk: First Order) is in fiktyf ynterstellêr steatsferbân út 'e Star Wars-franchise, dat yntrodusearre waard yn 'e film Star Wars: Episode VII – The Force Awakens (2015). De Earste Oarder klofte nei de oerwinning fan it Rebelleferbûn yn 'e Galaktyske Boargeroarloch gear út 'e restanten fan it Galaktysk Keizerryk. It is in faksistyske diktatuer dy't ek as in separatistysk diel fan 'e Nije Republyk beskôge wurde kin, en dy't as doel hat om 'e Galaktyske Republyk ûnder fuotten te heljen en syn hearskippij oer it hiele Stjerrestelsel te fêstigjen. De Star Wars-ferfolchtrilogy beskriuwt de opkomst en ûndergong fan 'e Earste Oarder. Dêrby docht geandewei bliken dat de boasaardige keizer Palpatine, dy't út 'e dea opstien is, it brein efter de hiele organisaasje is.

  1. 1,0 1,1 1,2 Artikel oer it Star Wars-Stjerrestelsel yn 'e Wookieepedia.

From Wikipedia, the free encyclopedia · View on Wikipedia

Developed by Tubidy