Eastersk-katolisisme

In eastersk-katolyk tsjerkhôf yn it noardeasten fan 'e Amerikaanske steat Pennsylvania, dêr't har oan 'e ein fan 'e njoggentjinde en it begjin fan 'e tweintichste iuw in protte eastersk-katoliken nei wenjen setten.

It eastersk-katolisisme is in streaming binnen it eastersk kristendom dy't opmakke is út in rige tsjerken fan sawol nestoriaanske, oriïntaalsk-otterdokse as eastersk-otterdokse synjatuer. Se foarmje histoarysk noch teologysk in ienheid, en it iennichste dat al dy tsjerkgenoatskippen gemien hawwe, is dat se har as selsbestjoerende tsjerken mei behâld fan eigen eastersk-kristlike liturgy, teology en earetsjinst weriene hawwe mei de Roomsk-Katolike Tsjerke, yn folsleine kommuny ferkeare mei de Roomsk-Katolike Tsjerke en it gesach fan 'e paus fan Rome erkenne. Yn 'e measte gefallen giet it hjirby om ôfspjaltings fan nestoriaanske, oriïntaalsk-otterdokse en eastersk-otterdokse tsjerken, dy't njonken har fuortbesteane (lykas de Koptysk-Otterdokse Tsjerke njonken de Koptysk-Katolike Tsjerke). De eastersk-katolike tsjerken binne dan yn 'e regel (folle) lytser as de easterk-kristlike denominaasje dêr't se fan ôfspjalte binne. In útsûndering is de Maronityske Tsjerke, dy't yn syn gehiel eastersk-katolyk is.


From Wikipedia, the free encyclopedia · View on Wikipedia

Developed by razib.in