Eastersk kristendom

It eastersk kristendom is mei it westersk kristendom ien fan 'e beide dielen fan it kristlik leauwe, en beslacht alle kristlike tradysjes dy't net út West-Jeropa stamje. De terminology fan "westersk" en "eastersk" giet yn kristlik ferbân werom op 'e twadieling yn 'e iere tsjerke tusken it Latynske westen en it Gryksktalige, hellenistyske easten, mar it eastersk kristendom is lang sa'n ienheid net as dat it westersk kristendom is, en feitliks hawwe in protte fan 'e "easterske" tsjerken yn histoarysk sawol as teologysk opsjoch folle mear gemien mei it westersk kristendom as mei-inoar. It eastersk kristendom makket sa'n 10% fan alle kristlike leauwenden út en is konsintrearre yn East-Jeropa, de Balkan, it Midden-Easten, de súdlike Kaukasus, Lyts-Aazje, noardeastlik Afrika, de Hoarn fan Afrika en de súdwestpunt fan Yndia. Yn it earste milennium fersprate it him ek nei Sintraal-Aazje en parten fan it Fiere Easten, mar dêr is it neitiid weiwurden.

It eastersk kristendom bestiet út trije ûnderskate groepen, dy't kwa nomenklatuer frijwat opinoar lykje, mar dy't yn religieus opsjoch tige ferskillend binne:

Fierders is der noch in groep tsjerken dy't neamd wurde moat:

Dat binne tsjerken fan alle trije boppeneamde streamings, dy't har letter, mei behâld fan eigen liturgy en eastersk-kristlike leauwensopfettings, wer deljûn hawwe ûnder it gesach fan 'e paus fan Rome, en dy't dus ûnderdiel útmeitsje fan 'e Roomsk-Katolike Tsjerke, mar dêrbinnenyn wol in útsûnderingsposysje betinge hawwe.


From Wikipedia, the free encyclopedia · View on Wikipedia

Developed by razib.in