Egeyske See | ||
geografy | ||
type wetter | rânesee | |
lokaasje | tusken Grikelân en Turkije | |
lân | Grikelân Turkije | |
koördinaten | 39° N, 25° E | |
ûnderdiel fan | Middellânske See | |
sifers | ||
maks. lingte | 670 km | |
maks. breedte | 390 km | |
oerflak | 214.000 km² | |
djiptegemiddelde | 362 m | |
djipste punt | 2.639 m | |
wetterfolume | 70.000 km³ | |
Satellytfoto fan de Egeyske See |
De Egeyske See is de namme fan in part fan de Middellânske See dat tusken Grikelân en Turkije leit. Der lizze in soad eilannen yn de Egeyske See. Fierwei de measte eilannen hearre by Grikelân, mar guon binne ek fan Turkije. Yn it noardeasten foarmje de Turkske Dardanellen de grins, yn it noardwesten is dat it Grykske skiereilân Kalkidike, yn it westen de Grykske eilân Euboea en it fêste lân fan Grikelân, yn it easten it Turkske fêstelân en yn it suden de Grykske eilân Kreta.
It súdlike part fan 'e Egeyske See hjit de Kretinzyske See, it súdeastlike part is de Ikaryske See, it súdwestlike part is de Myrtoaanske See, it noardwestlike part is de Termayske Golf (de bocht foar Tessaloniki) en it aldernoardlikste part hjit de Trasyske See.
De eilannen yn de Egeyske See binne tige populêr by minsken dy’t foar harren wille fan eilân nei eilân reizgje. Faak steane by de haven fan in eilân minsken te wachtsjen op de fearboaten, om de toeristen keamers oan de bieden foar in oernachting.
Fierders wurdt der ek fearn tusken de Grykske eilannen en it Grykske en Turkske fêstelân.