Erotyk is in foarm fan seksualiteit wêrby't de klam net drekt op it geslachtsferkear leit, mar mear op 'e gefoelens dêromhinne, en benammen op it opbouwen fan 'e langst nei geslachtsmienskip. It wurd "erotyk" is ôflaat fan Eros, de namme fan 'e Grykske god fan 'e leafde. It waard as begryp yn it moderne spraakgebrûk yntrodusearre troch de Eastenrykske psycholooch Sigmund Freud, dy't dizze oantsjutting betocht as namme foar syn idee fan sublimearre seksualiteit.