Evangeelje fan Jehannes

Evangeelje fan Jehannes
Papirus 52 is de âldste tekst dy't fûn is fan it Jehannesevangeelje; datearre om 125 hinne.
Papirus 52 is de âldste tekst dy't fûn is fan it
Jehannesevangeelje; datearre om 125 hinne.
algemiene gegevens
oarspr. titel Εὐαγγέλιον κατὰ Ἰωάννην
("Euangelion kata Ioannin")
auteur anonimus
taal Aldgryksk
foarm non-fiksje
sjenre religiosa
skreaun 90100 n.Kr.
bondel Bibel
rige
rige Nije Testamint
● foarich diel Evangeelje fan Lukas
● folgjend diel Hannelingen fan de Apostels
oersetting nei it Frysk
Fryske titel Evangeelje fan Johannes
publikaasje [net útjûn (±1913)]
oersetter G. Hornstra

It Evangeelje fan Jehannes, yn it oarspronklike Gryksk: τὸ Εὐαγγέλιον κατὰ Ἰωάννην, to Euangelion kata Ioannin (mar meastentiids koartwei Jehannes neamd), is in evangeelje dat erkend wurdt as ien fan 'e fjouwer kanonike evangeeljes. It is it fjirde boek fan it Nije Testamint fan 'e kristlike Bibel en it iennichste kanonike evangeelje dat net ta de synoptyske evangeeljes rekkene wurdt. It fertelt fan it libben en ûnderrjocht, de dea en de weropstanning út 'e dea fan 'e joadske learmaster Jezus fan Nazaret, dy't troch de kristenen beskôge wurdt as de messias en de Soan fan God. De earste Fryske oersetting fan it folsleine Evangeelje fan Jehannes waard om 1913 hinne makke troch G. Hornstra.


From Wikipedia, the free encyclopedia · View on Wikipedia

Developed by razib.in