Faasje

Faasje, feart, gong of (mei in no folslein ynboargere hollanisme) snelheid is de mjitte fan feroaring per tiidsienheid. De wittenskiplike ôfkoarting foar faasje is v (fan it Ingelske velocity). Faak wurdt doeld op bewegingsfaasje: de mate wêryn de ôfleine wei yn de tiidsienheid feroaret. Mar ek foar oare grutheden dy't mei de tiid feroarje wurdt it begryp faasje brûkt. Sa kin sprutsen wurde oer groeifaasje, bygelyks it oantal persoanen wêrmei't de befolking per jier groeit of krimpt; of oer omsettingsfaasje, bygelyks it oantal gram stof dat per sekonde omsetten wurdt by in gemyske reaksje. Yn it Ingelsk wurdt hjirfoar de term "rate" brûkt, wylst by beweging de begrippen "velocity" (faasje as fektor, dus mei grutte en rjochting) en "speed" (faasje as scalair, dus mei allinnich in grutte) brûkt wurde. Ek by syklyske prosessen wurdt soms fan in faasje sprutsen. De klokfaasje is de faasje wêrmei't in syklus trochrûn wurdt. In foarbyld hjirfan is de rekkenfaasje fan kompjûters.


From Wikipedia, the free encyclopedia · View on Wikipedia

Developed by Tubidy