Fal fan it Westromeinske Ryk

De groei en teloargong fan it Romeinske Ryk.
     Romeinske Republyk
     Romeinske Ryk
     Westromeinske Ryk
     Byzantynske Ryk (Eastromeinske Ryk)

De fal fan it Westromeinske Ryk, ornaris oantsjut as de fal fan it Romeinske Ryk of de fal fan Rome, wie it stadige proses fan ferfal en maatskiplike ynstoarting dat him yn 'e fjirde en fyfde iuw master makke fan it Westromeinske Ryk. Dêrby ferlear it ryk stadichoan de macht oer syn ûnbidich grutte grûngebiet, dat sadwaande troch fijannen opdield wurde koe yn ferskate nije steatkundige ienheden. Uteinlik strûpte it ryk der hielendal ûnder, wat it begjin fan in hast tûzenjierrich tsjuster tiidrek markearre dat bekendstiet as de Midsiuwen.


From Wikipedia, the free encyclopedia · View on Wikipedia

Developed by Tubidy