Fangrail

In stielen fangrail yn de middenberm fan in autodyk
In útein fan in fangrail dy't skean de grûn yn boud waard

In fangrail of in heining[1] is in befeiliging om reauwen op de rydbaan te hâlden en tefoaren te kommen dat bestjoerders tsjin gefaarlike obstakels, sa as beammen, rotsen, ensafuorthinne botse of dêr't de dyk ferhege is, fan de dyk ôf rûgelje. Hja steane ek wol yn de middenberm fan diken mei in dûbele rydbaan, en dy wurde ek wol "midheining" neamd. Sokke heinings moatte tefoaren komme dat reauwen, dy't lofts fan de dyk ôf reitsje, in frontale botsing meitsje mei tsjinlizzers. In heining kin ek brûkt wurde ta beskerming fan fytsers of fuotgangers, of oan de kant fan in seedyk. De earste fangrails waarden oanlein yn 'e 1950-er jierren.

  1. https://taalweb.frl/

From Wikipedia, the free encyclopedia · View on Wikipedia

Developed by Tubidy