Fatsoen

In trottoirtegel yn Odijk, mei in humoristyske moanning om 'e hûn net op 'e stoepe skite te litten.

Fatsoen of fatsoenlikens, of it hawwen fan fatsoen, is in minsklike eigenskip dy't omskreaun wurde kin as it foldwaan oan 'e jildende noarmen en wearden. It omfiemet in grut tal sosjale konvinsjes, dy't as ûnderdiel fan 'e opfieding troch âldelju oan harren bern bybrocht wurde. In begryp dat wol wat wei hat fan fatsoen is moraal. De moreaal wurdt lykwols ornaris sjoen as eat mei in heger doel. Fatsoen oan 'e oare kant, hat benammen te krijen mei it deistich hâlden en dragen fan 'e minsken. It tsjinstelde fan fatsoen is ûnfatsoen.

Wat krekt fatsoenlik is, fariëarret sterk neigeraden de kultuer dêr't men diel fan útmakket. Sa binne yn 'e measte lannen wetten fan krêft tsjin foarmen fan hâlden en dragen dy't ûnfatsoenlik wêze soene, lykas om beskate lichemsdielen yn it iepenbier ûntbleate sjen te litten. Wat dat oangiet, binne de ferskillen tusken lannen en kultueren ûnbidige grut. Yn guon kultueren moatte manlju en/of froulju bygelyks altyd suver it hiele lichem bedutsen hâlde, wylst yn oare kultueren beide seksen ûnder beskate omstannichheden (lykas oan it strân) frijwol neaken omrinne meie. Ek binnen ien lân kin it fatsoensbegryp lykwols sterk útinoar rinne, ôfhinklik fan 'e maatskiplike, etnyske en religieuze eftergrûn fan 'e persoan yn kwestje, of fan it krekte geografyske plak dêr't men jin befynt. Klean dy't op it strân akseptabel binne, sille oer it algemien yn in doarpswinkel net as fatsoenlik jilde.

It begryp fatsoen hat yn Nederlân foar in soad, fral jonge, minsken in negative byklank krigen, om't it gauris lyksteld wurdt oan bekrompenheid en in brekme oan tolerânsje foar oare foarmen fan hâlden en dragen oer. De negative lading wurdt ek wol ornearre te krijen te hawwen mei in selsoplein oplein gefoel fan ûnfrijheid dat mei it begryp fatsoen ferbûn is, mei't men net mear alles dwaan kin wat men dwaan wolle soe as men jin oan 'e jildende fatsoensregels hâlde soe.

Foar in soad oare minsken is it idee dat eltsenien mar dwaan mei en kin wêr't hy of sy sin oan hat, yn Nederlân fierstente fier trochsketten. Fatsoen is ek it rekken hâlden mei oare minsken en net it lieden in folslein egoïstysk libben. Dizze tsjinstelling komt faak oan it ljocht by kontroverses oer lûdsoerlêst fan muzykfestivals, lykas Psy-Fi yn De Griene Stjer by Ljouwert. Festivalgongers fine dat alles kinne moat sadat sy safolle mooglik wille hawwe kinne, wylst omwenjenden fine dat de feestfierders har gewoan oan 'e jildende fatsoensnoarmen hâlde moatte, sadat harren nachtrêst net (folslein) fersteurd wurdt.

De Nederlânske premier Jan Peter Balkenende besocht yn april 2005 it fatsoensbegryp ûnder de jongerein nij libben yn te blazen mei de slogan Fatsoen Moet Je Doen! Dat hat lykwols net ta it troch him winske resultaat laat, hoewol't it wol soarge dat der wer mear diskusje oer it ûnderwerp fatsoen ûnststie.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en Further reading, op dizze side.


From Wikipedia, the free encyclopedia · View on Wikipedia

Developed by razib.in