Fenantius Fortunatus

Fenantius Fortunatus
skriuwer
persoanlike bysûnderheden
echte namme Venantius Honorius Clementianus
   Fortunatus
nasjonaliteit Romeinsk
berne ±530
berteplak Duplavis, by Treviso (Itaalje)
stoarn ±600 / 609
stjerplak Poitiers (Frankryk)
etnisiteit Romeinsk
wurk
taal Latyn
sjenre hymnen, poëzij, hilligelibbens
perioade Iere Midsiuwen
bekendste
  wurk(en)
Pange Lingua Gloriosi Prœlium
   Certaminis

Vexilla Regis Prodeunt
Vita Sancti Martini
jierren aktyf ±550600/609
offisjele webside
n.f.t.

Fenantius Fortunatus (folút: Fenantius Honoarius Klemintianus Fortunatus; Duplavis, by Treviso (Itaalje), ±530Poitiers (Frankryk), ±600 of 609) wie in Midsiuwsk Latynsk dichter en hymneskriuwer út it Merovingyske Tiidrek, en biskop fan Poitiers. Hy wurdt beskôge as ien fan 'e wichtichste dichters op 'e grins fan 'e Aldheid en de Iere Midsiuwen. Guon fan syn hymnen, benammen it Pange Lingua Gloriosi Prœlium Certaminis en it Vexilla Regis Prodeunt, hearre ta de meast ferneamde fan 'e Latynske liturgy. Nei syn dea waard Fortunatus fereare as hillige, benammen yn 'e omkriten fan Poitiers en yn syn bertestreek yn Noard-Itaalje, mei in feestdei dy't op 14 desimber foel (wat syn stjerdei west hawwe soe), mar feitliken wied er nea offisjeel hillich ferklearre.


From Wikipedia, the free encyclopedia · View on Wikipedia

Developed by razib.in