Filmcrew

In filmcrew oan it wurk.

In filmcrew (útspr.: ['fɪlmkru:], likernôch: "filmkrûû"; fan it Ingelske film crew, letterlik: "filmbemanning") is in groep minsken dy't, almeast op projektbasis, meiwurket oan 'e produksje fan in film of in tillefyzjeprogramma. Dêrby wurdt ûnderskie makke tusken de crew en de cast: de cast bestiet út 'e akteurs, wylst de crew eltsenien omfiemet dy't 'efter de skermen' by de produksje belutsen is. De term filmploech is hast synonym mei 'filmcrew', mei it betingst dat 'filmploech' mear brûkt wurdt foar lytsere filmcrews (almeast besteande út in presintator, in kameraman, in lûdsman en in regisseur), dy't bygelyks opnamen op lokaasje meitsje foar in reportaazje, in dokumintêre of in realitytillefyzjeprogramma, wylst 'filmcrew' mear brûkt wurdt yn it ramt fan spylfilms, tillefyzjefilms en tillefyzjesearjes mei in fiktyf ûnderwerp.

Filmcrews binne opdield yn ûnderskate ôfdielings, dy't har elts talizze op in spesifyk aspekt fan 'e produksje. De beroppen dy't ta in filmcrew hearre, hawwe har troch de jierren hinne fierder ûntwikkele, faak nei oanlieding fan 'e yntroduksje fan nije technologyen. It grutste part fan dy beroppen bestiet lykwols al fan it begjin fan 'e tweintichste iuw ôf, doe't de filmyndustry ûntstie. Film- en tillefyzjeproduksje hat trije dúdlike stadia: ûntwikkeling, produksje en distribúsje. De produksje sels falt ek útinoar yn trije dúdlik faninoar skate stadia: preproduksje, de eigentlike opnamen en postproduksje. In soad filmcrewberoppen hearre by ien fan dy trije produksjestadia. Fierders bestiet der ek in ûnderskie tusken personiel 'boppe de line', lykas de regisseur, de produsint en de senarioskriuwer, dy't har ek mei ûntwikkeling en/of distribúsje bemuoie, en personiel 'ûnder de line', de technyske stêf dy't inkeld by it produksjestadium belutsen is.


From Wikipedia, the free encyclopedia · View on Wikipedia

Developed by razib.in