Fotomodel

It Brazyljaanske supermodel Gisele Bündchen is op it stuit (2013), neffens it Amerikaanske tydskrift Forbes, it rykste fotomodel fan 'e wrâld.

In fotomodel is in persoan dy't betelle wurdt om te posearjen foar foto's, mei as doel om kommersjele produkten, lykas moade, kosmetika of parfum oan te priizgjen. Fotomodellen wurkje faak ek as mannekên, wêrby't se moade toane troch dermei oer de catwalk, in soarte fan poadium, te strunen yn spesjale moadeshows. In spesifyk soarte fotomodel is in gruttematemodel of plus-size model, dat in bytsje of folle wielderiger is as "gewoane" fotomodellen. De bêst betelle fotomodellen (frijwol sûnder útsûndering froulju), dy't wrâldferneamd binne, wurde supermodellen neamd. Sokken binne of wiene bygelyks Naomi Campbell, Claudia Schiffer, Cindy Crawford, Heidi Klum, Gisele Bündchen en de Fryske Doutzen Kroes.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.


From Wikipedia, the free encyclopedia · View on Wikipedia

Developed by razib.in