It begryp frede, in tastân fan rêst, wurdt faak yn ien sike neamd mei in tsjindiel, oarloch. It Fryske wurd frede betsjutte yn earder tiden (± 1200) wetlike beskerming tsjin wapengeweld, wêrút dy tsjinstelling noch ris blykt.
Mei in fredesferdrach wurdt de oergong fan oarloch (wapenstilstân) nei frede oanjûn, mei in oarlochsferklearring it omkearde. Fredesferdraggen dy't yn in bepaald plak tekene wurde, krije bytiden as namme Frede fan ... (fol it plak yn, bygelyks 'Versailles'). De wittenskip dy't prosessen bestudearret dy't ta frede liede moatte en dy yn stân hâlde moat, is de irenology (synonym fan polemology). De namme is ôflaat fan it Grykske wurd foar frede: eirene.
Op akademysk nivo wurket (yn Nederlân) de Stichting Fredeswittenskippen oan in rûnte fan learstuollen, wêrby't elke ôfsûnderlike learstoel problemen om konflikt en frede fanút syn eigen ynfalshoeke beljochtet en wêrfan it de bedoeling is dat se mei elkoar mear oanknopingspunten biede om fredeskwestjes op in wittenskiplike wize te benaderjen.
Sûnt 1901 wurdt jierliks de Nobelpriis foar de Frede takend.
Yn bepaalde talen, lykas it Arabysk en Hebriuwsk, is it wenstige elkoar te begroetsjen mei it wurd foar frede, salaam respektyflik sjalom, of in sin dêr't frede tawinske wurdt.
Fan it Latynske wurd foar frede, pax, binne nammen foar meardere begripen ôflaat, lykas pasifisme, de filosofy dy't geweldleasheid en frede neistribbet.