Skiednis fan Fryslân |
Skiednis fan Fryslân Fryslân yn de Midsiuwen Dieling nei de midsiuwen Hjoed |
De Frisii wienen by de Romeinen de Fryske stammen dy't benoarden de Ryn wennen, bûten it Romeinske ryk. Se wienen al betwongen troch de Romeinen, mar harren gebiet waard nea oan it Romeinske Ryk tafoege.
Under de namme Frisii wurde de Friezen foar it earst fermelde troch Plinius de Alde. Hy tsjinne as offisier yn it Romeinske leger dat yn de Lege Lannen operearre. Yn 47 die hy mei oan de amfiby-ekspedysje fan Korbulo nei de mûning fan de Iems en learde op dy wize de Friezen en harren lân goed kennen. Hy hat oan ús trochjûn dat it wengebiet fan de Friezen lâns de súdlike kust fan Noardsee lei en nei it westen begrinzge waard troch de Alde Ryn dy't by Katwyk útmûnet. Oer de eastlike begrinzing lit er him net út dochs sil net fierder west ha as de Iems. Plinius hat it ek oer Frisiavones, in namme dy't op besibbens mei de Friezen tsjut.
Tacitus makke ûnderskie tusken twa groepen fan Frisii, dy't er nei de grutte fan dy groepen mei maiores Frisii ('Grutfriezen') en minoris Frisii ('Lytsfriezen') neamde. Der wurdt oannaam dat de Grutfriezen tusken Fly en Lauwers wennen, wylst de kust tusken Fly en Ryn it gebiet fan de Lytsfriezen wie.
Germaanske folken | feroarje |
---|---|
Allemannen · Ambroanen · Ampsivaren · Angelen · Angrivaarjers · Asdingen · Bajuwaren · Bataven · Boergonden · Bruktearen · Chasuarii · Dulgubnii · Fandalen · Fangionen · Fisigoaten · Fosy · Franken · Frisii · Gamaven . Gepiden · Goaten · Harii · Helisjers · Hermunduren · Herulen · Juten · Kananefaten · Kimbren · Kwaden · Lakringen · Langobarden · Lemovjers · Lugjers · Manimjers · Markomannen · Marobudui · Mattiakken · Naharvalen · Nemeten · Nervjers · Ostrogoaten · Rugjers · Saksen · Semnoanen · Silingen · Sitones · Sjamaven · Sjatten · Sjauken · Sjerusken · Skieren · Suëven · Sugambren · Suiones · Tenktearen · Teutoanen · Toksandrjers · Treveary · Triboken · Tubanten · Tudry · Ubjers · Usipeten · Volcae · Warnen |