Frjentsjer

Frjentsjer
De Foarstrjitte
De Foarstrjitte
Emblemen
               
Polityk
Lân Nederlân
provinsje Fryslân
gemeente De Waadhoeke
Sifers
Ynwennertal 13.015 (1 jannewaris 2023)[1]
Oerflak 18,17 km², wêrfan:
- lân: 17,42 km²
- wetter: 0,75 km²
Befolkingsticht. 716 ynw./km²
Oar
Ferkearsieren A31 N384
Steatsline B
Postkoade 8801-8802
Tiidsône UTC +1
Simmertiid UTC +2
Koördinaten 53° 12' NB, 5° 32' EL
Botniastins
Botniastins
Kaart
Frjentsjer (Fryslân)
Frjentsjer
Kaart
De Foarstrjitte
Stedsgebiet fan Frjentsjer (grien) yn 'e eardere gemeente Frjentsjerteradiel
Dizze side giet oer de stêd Frjentsjer. Foar de eardere gemeente, sjoch: Frjentsjer (gemeente).

Frjentsjer (Nederlânsk (offisjeel) en Frjentsjertersk: Franeker) is in stêd dy't yn it noardwesten fan 'e Nederlânske provinsje Fryslân leit, tusken Harns en Ljouwert yn. Oant 1984 foarme it de selsstannige stedsgemeente Frjentsjer en fan 1984 oant 2018 wie it it haadplak fan 'e gemeente Frjentsjerteradiel. Sûnt 1 jannewaris 2018 is Frjentsjer it haadplak fan 'e nije fúzjegemeente De Waadhoeke, dêr't ek it Gemeentehûs fan De Waadhoeke stiet. De stêd hat 13.015 ynwenners (1 jannewaris 2023, boarne: CBS) en is te berikken fia de A31 en de N384.

Foarhinne wie Frjentsjer lange tiid in selsstannige gemeente. Yn 1984 waarden de gemeenten Frjentsjer en it âlde Frjentsjerteradiel mei it grutste part fan de gemeente Barradiel gearfoege ta de nije gemeente Frjentsjerteradiel. Troch geregeld tekoarten op de gemeentlike begrutting stie de gemeente Frjentsjerteradiel oant 2005 ûnder tafersjoch fan de provinsje Fryslân. Yn Frjentsjer wurdt njonken Frysk en Nederlânsk ek Stedsk dialekt (it Frjentsjertersk) sprutsen.

Oant de gemeentlike weryndieling fan 1984 wie Frjentsjer as alle Fryske stêden in selsstannige gemeente. Foar de Frânske tiid hie Frjentsjer in universiteit. Besykjen om der op 'e nij in universiteit te krijen binne oant no ta op neat útrûn. Dochs in pear dagen yn it jier kriget Frjentsjer de status fan Akadeemjestêd werom; tusken Kryst en Aldjiersdei wurdt it Krystkongres organisearre. Dit kongres, dat meardere dagen duorret, fynt plak yn 'e Bogt fen Guné, it âldste studintekafee fan Nederlân. It kongres wurdt alle jierren troch de Federaasje fan Fryske Studinteferienings (FFS) organisearre, foar it earst yn 1930.

De buorskippen Miedum, Kie, Doaium (diel), Erkens, It Fliet, Kystersyl (diel), Lankum, Lytselollum, Salvert, Sânhuzen en It War hearre ek by Frjentsjer.

  1. Tabel: Bevolking; maandcijfers per gemeente en overige regionale indelingen. CBS (1 jannewaris 2023).

From Wikipedia, the free encyclopedia · View on Wikipedia

Developed by Tubidy