Fryske talen

Fryske talen
algemien
lokaasje Noardwest-Jeropa
tal talen 3
tal sprekkers 612.000 (2004)
taalbesibskip
taalfamylje Yndo-Jeropeesk
  ● Germaansk
    ● Westgermaansk
      ● Noardwestgermaansk
        ● Frysk
subgroepen Eastfrysk
   ● Sealterfrysk
Noardfrysk
Westerlauwersk Frysk

De Fryske talen foarmje in lyts subgroepke fan 'e Noardwestgermaanske talen, dy't wer diel útmeitsje fan 'e Westgermaanske talen. Ta dizze taalkloft hearre it (Westerlauwersk) Frysk, it Noardfrysk en it Eastfrysk, wêrby't fan dy lêste taal inkeld noch it Sealterfrysk oer is, mei't alle oare dialekten útstoarn binne. De Fryske talen waarden yn 2004 as memmetaal sprutsen troch likernôch 612.000 minsken, benammentlik yn 'e Nederlânske provinsje Fryslân, en fierders yn it Dútske Noard-Fryslân en Sealterlân.


From Wikipedia, the free encyclopedia · View on Wikipedia

Developed by Tubidy