Geast

Dizze side giet oer de net-lichaamlike entiteit geast. Foar oare betsjuttings, sjoch: geast (betsjuttingsside).

In geast is in net-lichaamlike entiteit wêrfan't it bestean troch de wittenskip net empirysk bewiisd is, mar yn it bestean wêrfan't it grutste diel fan 'e minskheid dochs leaut. Dêrby moat oantekene wurde dat de term 'geast' in stikmannich tige ferskillende betsjuttings hat.

Mei oantsjutting 'geast' kinne de folgjende dingen bedoeld wurde:

  • It net-lichaamlike part fan 'e minske, wêrfan't it meastepart fan 'e minskheid leaut dat it nei de dea fan it lichem op 'e iene of oare wize fuortbestean sil. Foar in protte minsken, benammen yn 'e Westerske wrâld, is dit begryp identyk mei it begryp 'siel'; mar yn oare kultueren wurdt faak ûnderskie makke tusken geast en siel. Ek minsken dy't net leauwe dat de minsklike geast nei de dea fan it lichem fuortbestean kin, binne faak wol oertsjûge fan it bestean fan 'e geast salang't de persoan yn kwestje libbet, wêrby't se it begryp 'geast' faak lykslane mei bewustwêzen of persoanlikheid.
  • It restant fan 'e persoanlikheid fan in ferstoarne minske wêrfan't guon lju leauwe dat it (soms) efterbliuwe kin nei syn of har dea. Yn dizze betsjutting komt 'geast' min ofte mear oerien mei it begryp spûk of skym. Yn 'e Westerske wrâld leauwe de measte minsken tsjintwurdich net mear yn dizze foarm fan geasten, mar yn it ferline wie dat wol oars. It spiritisme (fan it Latynske spiritus, "geast") is it leauwe dat mei sokke geasten kommunisearre wurde kin.
  • In net-lichaamlike, mar rûnombywêzige ûnwitbere substânsje of enerzjy dy't yndividueel oanwêzich is yn alle libbene dingen, net inkeld minsken, mar ek bisten, planten, skimmels en yn guon leauwensfoarmen teffens anorgane saken lykas stiennen, ierde en wetter. Religyen dy't dit idee oanhingje, wurde animistysk neamd. Dit soarte fan geast stiet yn prinsipe los fan it hjirboppe neamde leauwe yn it bestean fan in minsklike geast.
  • In net-lichaamlik, faak as mytysk beskôge wêzen dat nea in minske west hat, lykas demoanen, ingels, natoergeasten of legere godheden.

Mei de term 'de Geast' (mei in haadletter) wurdt fierders ek wol ferwiisd nei de Grutte Geast, it opperwêzen yn in protte natoerreligyen fan Yndiaanske folken út Noard-Amearika, of yn 'e kristlike kontekst nei de Hillige Geast, dy't neffens de kristlike teology yn 'e mande mei Jezus Kristus en God de Trije-ienheid foarmet.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en Further reading, op dizze side.


From Wikipedia, the free encyclopedia · View on Wikipedia

Developed by razib.in