Gebeartetaal

In petear yn Amerikaanske Gebeartetaal.

Gebeartetaal is in systeem fan gebearten en meneuvels, makke mei de hannen en oare dielen fan it minsklik lichem (faak ynkl. it meitsjen fan minen mei it gesicht), dat brûkt wurdt as in foarm fan kommunikaasje ta ferfanging fan spraak yn alle fasetten fan ynteraksje mei oaren. Fral dôven meitsje fanneeds in protte gebrûk fan gebeartetalen, dy't yn sokke gefallen dôvegebeartetalen, of ek wol primêre gebeartetalen neamd wurde. Dêrnjonken binne der ek saneamde helpgebeartetalen, dy't ek wol sekundêre of ôfwikseljende gebeartetalen neamde wurde; sokken wurde yn beskate sitewaasjes as helpmiddel brûkt troch hearrende minsken, binne folle beheinder yn har mooglikheden as dôvegebeartetalen en kinne har net frij ûntwikkelje sa't sprutsen talen en dôvegebeartetalen dat dogge.


From Wikipedia, the free encyclopedia · View on Wikipedia

Developed by Tubidy