Geografy is de stúdzje fan romtlike fariaasje op ierde. It wurd geografy stamt út it Gryksk: gê (de ierde) en graphein (beskriuwe).
Geografy hâldt gâns mear yn as kartografy, it meitsjen en bestudearjen fan kaarten. It ûndersiket net allinne wat wêr op de ierde te finen is, mar ek wêrom't bepaalde saken op it iene plak wol foarkomme en op it oare net. Of de oarsaken fan bepaalde ferskynsels natuerlik of troch it hanneljen fan minsken (of bisten) binne is dêrby net fan belang.