Gibraltar | |
---|---|
flagge | wapen |
geografyske lokaasje | |
algemien | |
gebietsdiel fan | Feriene Keninkryk |
pol. status | oerseesk gebiet |
haadstêd | Gibraltar |
offisjele taal | Ingelsk |
sifers | |
ynwennertal | 30.001 (2012) |
befolkingstichtens | 4.328 / km² |
oerflak | 6,8 km² (ynkl. wetter) |
bykommende ynformaasje | |
muntienheid | Gibraltar pound (£) |
tiidsône | UTC+1 |
tillefoan | +350 |
ynternetekstinsje | .gi |
webside | www.gibraltar.gov.gi |
Gibraltar is in oerseesk gebiet fan it Feriene Keninkryk. It is de meast súdlike punt fan it Iberysk Skiereilân oan de Strjitte fan Gibraltar. De measte ynwenners fan Gibraltar binne fan Spaansk, Portugeesk of Marrokaansk komôf. Alle ynwenners hawwe in Britske pas. De amtstaal is Ingelsk, hoewol't de measte ynwenners twatalich binne, en it Spaansk as twadde taal hawwe. De Berberaap is de iennichste apesoart dy't yn Europa yn it wyld libbet.
De Rots fan Gibraltar lukt in soad minsken. De ekonomy is fral basearre op toerisme, finansjële tsjinsten en de skipfeart. De namme Gibraltar komt út it Arabysk: جبل طارق - jabal Tariq: de berch fan Tariq, ferneamd nei de Moarske legerlieder Tariq ibn Zijad.
Gibraltar waard yn 1704 ûnder de Spaanske Suksesjeoarloch fan Ingelsk-Nederlânske troepen op Spanje ferôvere. It gebiet waard dêrnei yn 1713 ûnder de Frede fan Utert 'foar fêst' oerdrûgen oan it Keninkryk Grut-Brittanje. It wie in wichtige basis foar de Royal Navy. Yn 1981 krige Gibraltar, dat oant dy tiid ta in kroankoloanje foarme hie, de status fan 'ôfhinklik gebiet fan 'e Britske Kroan'.
De soevereiniteit fan Gibraltar is in wichtich striidpunt yn de Britsk-Spaanske ferhâlding meidat Spanje oanspraak makke op Gibraltar. Gibraltarezen fersmieten útstellen foar Spaanske sûvereiniteit by referendum yn 1967 en nochris yn 2002. Neffens de Gibraltareeske grûnwet fan 2006 regelet Gibraltar syn eigen saken, mar it foech oer definsje en bûtenlânske saken bliuwt de ferantwurdlikheid fan it regear fan it Feriene Keninkryk.