Golden Globe

Golden Globe
algemiene ynformaasje
nasjonaliteit Amerikaansk
útrikt foar film en tillefyzje
útrikt troch Hollywood Foreign Press
   Association
frekwinsje 1x jiers
datum jannewaris
plak Beverly Hills (Kalifornje)
ynsteld 1943
1e útrikking 1944
offisjele webside
www.hfpa.org

De Golden Globes ("Gouden Globes") of Golden Globe Awards binne in groep Amerikaanske prizen dy't elts jier yn jannewaris útrikt wurde oan 'e bêste wurken op it mêd fan Amerikaanske en ynternasjonale films en tillefyzje fan it foargeande jier. De útrikking fan dizze prizen wurdt organisearre troch de Hollywood Foreign Press Association (HFPA), en de tawizing fan 'e Golden Globes fynt plak troch in stimming ûnder de 93 leden fan 'e HFPA. De earste útrikking fan 'e Golden Globes fûn plak yn 1944, en sûnt 1961 fynt de huldigingsseremoanje tradisjoneel plak yn it Beverly Hilton yn Beverly Hills. De Golden Globes wurde beskôge as de op ien nei wichtichste Amerikaanske filmprizen, en foarmje de opmjitte foar de útrikking fan 'e Oscars, yn it foarjier.

Foar listen mei winners fan 'e Golden Globes, sjoch ûnder de kop See also op dizze side, op 'e Ingelske Wikipedy.


From Wikipedia, the free encyclopedia · View on Wikipedia

Developed by Tubidy