Grien

grien
spektrale koördinaten
weachlingte 495-570 nm
frekwinsje ~575-525 THz
kleurkoördinaten
heksadesimaal #00FF00
RGBª (rgb) (0, 255, 0)
CMYKº (cmyk) (100, 0, 100, 50)
ª) normalisearre nei [0-255] (byte)
º) normalisearre nei [0-100] (%)

Grien is in kleur dy't him yn it spektrum fan sichtber ljocht en yn 'e kleuresirkel tusken blau en giel yn befynt. De kleur hat in weachlingte fan likernôch 495-570 nm en in frekwinsje fan rûchwei 575-525 THz. By additive kleurminging is grien in primêre kleur, mar by subtraktive kleurminging is it in sekundêre kleur. Grien is de komplemintêre kleur fan maginta. Kwa tinten rint grien útinoar fan grienblau, dat hast blau is, oant limoen, dat suver giel is. It wurd 'grien' hat deselde Oergermaanske woartels as de wurden 'gers' en 'groeie'. Grien wurdt assosjearre mei de natoer (fanwegen de griene kleur fan planten), en fierders mei duorsumens, de miljeubeweging, Ierlân, de islaam, feilichheid en tastimming. Yn 'e heraldyk is grien in heraldyske kleur en hat it de namme sinopel. Yn sprekwurden seit men: sa grien as gers, sa grien as in greide of sa grien as in kikkert. Guon net-Westerske talen meitsje gjin ûnderskie tusken blau en grien.


From Wikipedia, the free encyclopedia · View on Wikipedia

Developed by Tubidy