In grot (fan it Frânske grotte), spelonk (fan it Latynske spelaeum) of rotshoale is in natuerlik foarme ûnderierdske romte yn rotseftige grûn. Dêrby giet it gauris om in gruttere romte. Wannear't sa'n soarte ûnderierdske romte lytser, nauwer en/of dreger tagonklik is of wurdt, sprekt men fan in holte. Ien grot kin út ferskate gruttere romten (of 'sealen'), gongen (of 'galerijen') en holten bestean. Faak binne der ek ferskate yngongen. In grot kin sadwaande in wier doalhôf wêze en reuseftige ôfmjittings oannimme. De langste grot fan 'e wrâld (ynsafier bekend) is Mammoth Cave yn 'e Amerikaanske steat Kentucky, mei in totale lingte fan 643 km. De djipste en teffens rjochtdelste grot fan 'e wrâld is de Voronjagrot yn Georgje, dy't in hichteferskil omfiemet fan 2.197 m tusken de yngong en it djipste punt. Yn 2013 wiene der wrâldwiid 97 grotten bekend mei in djipte dy't grutter wie as 1.000 m. De tûke fan 'e wittenskip dy't grotten bestudearret, is de speleology; grotte-ûndersikers wurde sadwaande speleologen neamd. Speleology is in ûnderdiel fan 'e geology.