De Grutte Marren (Ingelsk: Great Lakes) binne de fiif grutte binnenwetters yn eastlik Noard-Amearika, dy't op of fuortby de grins lizze tusken de Feriene Steaten en Kanada. De Grutte Marren binne: de Boppemar (Lake Superior), de Hueronmar (Lake Huron), de Michiganmar (Lake Michigan), de Earymar (Lake Erie) en de Ontariomar (Lake Ontario). De Michiganmar leit as iennichste fan 'e fiif folslein op it grûngebiet fan 'e Feriene Steaten, wylst de oare fjouwer op 'e grins lizze. De term Grutte Marren wurdt ek wol brûkt as oantsjutting foar de Grutte Marrekrite yn eastlik Afrika.
It lân om 'e Grutte Marren hinne is ryk oan dylchstoffen as izererts, nikkel, koper, lead, sink, goud, sulver en asbest. Foar it transport dêrfan en ek foar it ferfier fan stienkoal binne de marren fan grut ekonomysk belang.