Hades ᾍδης (Hádēs) | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
religy | Gryksk heidendom | |
domein | de ûnderwrâld, de dea, grotten, de nacht, dreamen, flokken, it tsjuster, de grûn, fruchtberens, rykdom, it hjirneimels en metalen | |
wente | Hades (ûnderwrâld) | |
selskipsdier | Serberus (trijekoppige hûn) | |
famyljerelaasjes en oare besibskip | ||
oarehelte | Perséfoné | |
heit | Kronos | |
mem | Reä | |
broer | Poseidon, Seus | |
suster | Demeter, Hestia, Heara | |
soan | Sagreüs | |
dochter | Makaria e.o. | |
ekwifalint | Dis Pater, Orkus, Pluto, Aita | |
attributen | ||
foarwerp | hoarn fan oerfloed, skepter, kaaien | |
plant | narsis, sypres | |
bist | slangen, hûn |
Hades (Gryksk: ᾍδης, Hádēs, útspr.: [ˈhadiːs], likernôch "Ha-diis", of Ἅιδης, Háidēs, útspr.: [ˈhai̭diːs ], likernôch: "hai-diis") is yn it Grykske heidendom en de Grykske mytology de god fan 'e ûnderwrâld, de dea, grotten, de nacht, dreamen, flokken, it tsjuster, de grûn, fruchtberens, rykdom, it hjirneimels en metalen. It meast waard er lykwols sjoen as de kening fan 'e Grykske ûnderwrâld, it plak dêr't minsken nei harren dea hinnegiene. Dêrmei waard er frijwol synonym, en de Grykske ûnderwrâld waard dêrom ek Hades neamd.
Hades wie neffens de myten de âldste soan fan Kronos en Reä, mar de lêste dy't, nei't er opiten wie troch syn heit, wer opkoarre waard. Yn 'e mande mei syn jongere bruorren Seus en Poseidon fersloech er syn heite generaasje fan goaden, de titanen, en naam er it regear oer de kosmos oer. Hades krige de ûnderwrâld taparte, Seus de himel en Poseidon de see, wylst de ierde foar alle trije like tagonklik wie.
Hades waard gauris ôfbylde mei Serberus, de trijekoppige hiemhûn fan 'e ûnderwrâld. Yn lettere tiden waarden de Etruskyske god Aita en de Romeinske goaden Dis Pater en Orkus as ekwifalinten fan Hades sjoen. De lêste beiden fusearren mei tiid ta Pluto, in latinisearring fan Plouton (Gryksk: Πλούτων, Ploútōn, útspr.: [ˈplutɔːn], likernôch: "plû-tôn"), dat in Grykske eufemistyske titel fan Hades wie.