Hamlet

Hamlet
De foarside fan 'e Fryske oersetting fan Teatse Holtrop, yn in bewurking fan Johannes Spyksma út 2014.
De foarside fan 'e Fryske oersetting fan Teatse Holtrop, yn in bewurking fan Johannes Spyksma út 2014.
algemiene gegevens
oarspr. titel Hamlet
auteur William Shakespeare
taal Ingelsk
foarm toanielstik
sjenre trageedzje
skreaun ±1600-02
1e publikaasje 1604, Londen
oersetting nei it Frysk
Fryske titel Hamlet, Prins fen Denemarken
publikaasje 1925, Dokkum
útjouwer D.J. Kamminga
oersetter Teatse Eeltsje Holtrop
Titelside fan de printinge (Q2) út 1605

Hamlet, Prins fan Denemarken, yn it oarspronklike Ingelsk: Hamlet, Prince of Denmark, is in trageedzje fan 'e hân fan 'e wiidferneamde Ingelske skriuwer en dichter William Shakespeare, dy’t er earne yn 'e perioade 1600-1602 skreaun hawwe moat. It stik waard foar it earst publisearre yn 1604. It ferhellet fan 'e foarfallen oan it Deenske hof as prins Hamlet thúskomt nei lang om utens west te hawwen en ûntdekt dat syn heit, de eardere kening, fermoarde is troch syn omke, dy't no op 'e troan sit. Hamlet, sa't de titel fan it stik yn 'e regel ôfkoarte wurdt, is nei gedachten it bekendste toanielstik fan Shakespeare, dat noch altiten rûnom opfierd wurdt. It hat withoefolle steande útdrukkings yn 'e Ingelske taal yntrodusearre, lykas the undiscovered country ("it ûnûndutsen lân"; de dea), conscience doth make cowards of us all ("ús gewisse makket ús allegear ta lêferts"), en de gauris oanhelle wurden to be or not to be, that’s the question ("bestean of net bestean, dat is de fraach"; út akte III, sêne 2). De earste Fryske oersetting waard yn 1925 makke troch Teatse Eeltsje Holtrop.


From Wikipedia, the free encyclopedia · View on Wikipedia

Developed by razib.in