Harsens

It minskebrein

De harsens (plurale tantum), ek wol it brein neamd, foarmje it diel fan it sintrale senuwstelsel dat yn de holle sit (Gryksk: ἐγκέφαλον, encephalon, 'yn de holle'). De harsens foarmje it waarnimmende, oanstjoerende, kontrolearjende en ynformaasjeferwurkjende orgaan yn bisten. Der binne trije kloften bisten mei harsens: de wringedieren, de lidpoatigen (ynsekten, spinnen, kreeften) binnen it skift fan de net-wringedieren en de inktfisken. De oare net-wringedieren hawwe gjin harsens, mar kolleksjes fan yndividuele ganglia. De harsens sitte oer it generaal yn de kop fan it bist. De harsens binne in kompleks orgaan; it minsklik brein is opboud út tsientallen miljarden neuroanen (senuwsellen) wêrfan elk ferbûn is mei in grut oantal oare neuroanen, soms tûzenen. It is grif de meast komplekse struktuer yn it universum. De harsens bestjoere en koördinearje sensoaryske systemen, beweging, gedrach en homeostatyske lichemsfunksjes, lykas sykheljen, bloeddruk en lichemstemperatuer. De harsens binne de boarne fan beweging, ûnthâld en (by hegere soarten) kognysje (bewustwêzen) en emoasje.


From Wikipedia, the free encyclopedia · View on Wikipedia

Developed by Tubidy