Haven

De haven fan Rotterdam by nacht

In haven is in plak dêr't skippen oanlizze kinne. De beneaming wurdt ek brûkt foar it plak dêr't fracht skipe en lost wurdt. In ankerplak dêr't gjin minsken as guod oan de wâl brocht wurde, wurdt in ree neamd.

De haven fan Shanghai is de grutste haven fan de wrâld, Singapore is nûmer 2. De haven fan Shanghai sloech yn 2010 goed 29 miljoen konteners oer, jusjes mear as de 28,4 miljoen konteners yn Singapore. De haven fan Rotterdam is wat beide kriteria oanbelanget de grutste haven fan Europa.[1]

  1. World Port Rankings 2008 - AAPA (American Association of Port Authorities, rieplachte 14 augustus 2010

From Wikipedia, the free encyclopedia · View on Wikipedia

Developed by razib.in