Heidi Klum, of Heidi Samuel, (Bergisch Gladbach, 1 juny 1973) is in Dútsk fotomodel.
Sy waard ferneamd troch de 'swimpak' edysje fan it blêd Sports Illustrated. Fan 1997 oant 2002 wie sy troud mei stylist Ric Pipino. Sûnt 2005 is sy boaske oan de sjonger Seal Samuel. Samuel sette twa soannen en in dochter by har oan. Ut in koarte ferhâlding mei Flavio Briatore hat sy ek in dochter. Samuel hat it famke adoptearre; Briatore is net belutsen by it grutbringen.
Klum waard troch hûnderten miljoenen telefyzjesjoggers sjoen doe't sy op 9 desimber 2005 in Leipzig de lotting foar it Wrâldkampioenskip fuotbal 2006 presintearre. Sy hie doe in lange blauwe jurk oan, dy't der seedlik net by troch koe neffens de Iraanske telefyzje; alle bylden fan Heidi Klum waarden yn Iran út de útstjoering knipt.
Yn dyselde lotting waard Klum troch de wurdfierder fan de FIFA nei foarren helle om by te dragen oan de lotting. Dat fûn sy moai, sei se. Yn it fermidden fan eardere topfuotballers sa as Johan Cruijff, Lothar Matthäus, Pelé en Roger Milla mocht Klum bepale yn hokker groep Servje en Montenegro telâne komme soene. Sy keppele it lân oan groep C, dêr't op dat stuit Nederlân, Argentynje en Ivoarkust al part fan wienen.
Klum hat har eigen telefyzjerige yn Dútslân: Germany's Next Topmodel. Heidi Klum is ek de presintatrise fan it Amerikaanske designprogramma Project Runway.