Helwerd

De twa wierden fan Helwerd mei de tskerke fan Rottum op de eftergrûn

Helwerd bestiet út twa no ûnbewenne wierden en leit yn de gemeente It Hegelân. De wierden lizze likernôch healweis Rottum en Uskwert, krekt westlik fan de wei. Oan de foet fan de wierden stiet in pleats.

Eartiids moat it plak wol iennige betsjutting hân hawwe. Neffens de oerlevering waard de bline dichter Bernlef fan de misjonaris Liudger genêzen fan syn blinens te Helwert; dat wie yn de 8e iuw. Ut tankberens soe Bernlef syn heidensk repertoire ferruile hawwe foar mear stichtlik wurk. De Grinslânsktalige dichter Jan Boer skreau in gedicht oer dit barren.

Besuden Helwert rint it Helwerdermaar.

De gemeente rekkent Helwerd as buorskip, mar der is gjin bebouwing, wol in wyt nammeboerd.


From Wikipedia, the free encyclopedia · View on Wikipedia

Developed by Tubidy